|
|||||||||||
|
Op sneontejûn 8 oktober 2011 waard yn it ramt fan de Fryske Boekemoanne in konsert fersoarge troch it Lemster Mannenkoor
yn de Martinitsjerke
te Boalsert.
It Lemster Mannenkoor stiet ûnder lieding fan Harm van der Meer
De muzikale begelieding wie yn hannen fan Jan Kroeske
Marleen van Dijk
wurke mei as soliste.
Neist muzyk fan it Lemster Mannenkoar wiene der optredens fan de dichter Tsjêbbe Hettinga
De akteur Freark Smink
en de skriuwer Hylke Speerstra
De jûn waard organisearre troch TRESOAR yn Ljouwert.
PROGRAM:
Ora Pro Nobis soliste Marleen van Dijk
Opening directeur Tresoar Bert Looper
Fries om Utens Biw. Harm van der Meer Hylke Speerstra Sé, Sé, dou wide sé P.J. Troelstra Biw. Harm van der Meer Hylke Hylke Speerstra
Freark Smink It Heitelân Van der Burg J. Lindeman Bew. Harm van der meer Hylke Speerstra O Canada Robert Stanly Weir (soliste Marleen van Dijk) Calixa Lavallée Biw. Harm van der Meer
Hylke Speerstra The Exodus song Ernest Gold / Pat Boone Arr. Johan de meij Hylke Speerstra Tebe Poem Russisch kerklied Bew. H. van der Meer Hylke Speerstra Tsjêbbe Hettinga Jou ús in dream o Hear Lowell Mason Bew. K.J.Mulder Tekst Eppie Dam Hylke Speerstra It Aldershûs P.J. Troelstra Nei H.R. Bishop Hylke Speerstra We´ll meet again – Hughie Charles Ea sjoch ´k jim wer Fryske biw. Jurjen v.d. Meer (soliste Marleen van Dijk) Ross Parker Biw. Harm van der Meer
Sluiting directeur Tresoar Bert Looper
DSC_6135.JPG
We´ll meet again – Hughie Charles Ea sjoch ´k jim wer Fryske biw. Jurjen v.d. Meer (soliste Marleen van Dijk) Ross Parker Biw. Harm van der Meer
Tema fan de foarstelling wie ‘De treastfûgel’, nei it boek mei dy namme fan Hylke Speerstra. De njoggen foardroegen fragminten út syn boek foarmen ien gehiel mei de lieten fan it koar.
It wie in foarstelling mei muzyk, sang en literatuer, in kombinaasje dy’t grutte yndruk makke hat op in folle Martinitsjerke, en ek op kultuerynstelling Tresoar. Der kaam in stream positive reaksjes. Dit wie dúdlik op te meitsjen út it aplaus tidens de foarstelling en de steande hulde nei ôfrin. Der wiene sa’n 450 besikers.
|
|
||||||||||
|
|
||||||||||