|

In aktiviteit yn
"De Moanne fan it Fryske Boek"
De Kadoboeke toer fan Hylke Speerstra
Mei Freark Smink, Tsjêbbe Hettinga, Hylke
Speerstra en it
Lemster Manljuskoar

op 8 oktober yn de
Martini-tsjerke Boalsert

hichtepunt Boekemoanne.
In optreden fan it Lemster Mannenkoor yn de Boalserter Martini-
tsjerke op sneontejûn 8 oktober a.s liket it hichtepunt te wurden
fan de Fryske Boekemoanne 2011.
Dan treedt it Lemster Manljuskoar op ûnder lieding fan
Harm van der Meer

Soliste is de sjongeres
Marleen van Dijk

út Rijnsburg.
Organist: Jan Kroeske.

Trije oare bekende Friezen wurkje mei oan it muzikaal-literêre
program:
de dichter en performer
Tsjêbbe Hettinga,
.jpg)
de akteur
Freark Smink

en skriuwer
Hylke Speerstra.
.jpg)
De teksten en de gauris geastlike koarlieten foarmje ien gehiel
en slute sfearfol op inoar oan. Tidens de foarstelling ferskine
der op in skerm passende bylden.
Titel fan it program: ‘It liet fan de treastfûgel’
It liet
fan de treastfûgel yn Boalsert:
De Fryske skriuwer Hylke
Speerstra hat dit jier it Kadoboek foar de
Moanne fan it Fryske Boek
skreaun, mei as titel ‘De treastfûgel.’
De Moanne fan it Fryske Boek
wurdt dit jier hâlden fan 16
septimber oant 16 oktober.
Sneon 8
oktober komt de
skriuwer fan it Kadoboek nei de tsjerke
yn Boalsert.
De boeketafel wurdt yn Hichtum
fersoarge troch Boekhannel ‘Het
Boekhuis’út Boalsert.
As minsken foar € 10,- oan
Fryske boeken keapje, krije se it
kadoboek fergees.
Dizze jûn sil
Speerstra fertelle oer
en út syn nijste boek,
dat him
ôfspilet yn de neidagen fan de
twadde wrâldoarloch en de befrijing.
Spesjale gast dizze jûn is
Tsjêbbe Hettinga
dy’t it ymposante
gedicht: ‘Rop my werom
jonge’hearre litte sil.
De muzyk sil fersoarge wurde
troch it ‘Lemster mannenkoor’,
dy’t
ûnder oaren it Kanadeeske
folksliet bringe sil.
Sjongeres
Marleen van Dijk, sil
sawol it Ingelske ‘We’ll meet again’, fan Vera
Lynn, as de Fryske
oersetting ‘Ea sjoch ik dy wer’, fan Jurjen van
der Meer
oan it publyk hearre litte. Mar
ek bekende Fryske sangen as ‘See,
see do wide see’ en ‘It
heitelân’ sille songen wurde.
Gedichten fan Gysbert Japicx en
Fedde Schurer wurde op
bysûndere wize troch
Freark Smink
presintearre op in grut skerm.
Datum:
8/10
Plak:
Martinitsjerke Boalsert,
Tiid:
20.00
Barren:
Kadoboeketoer Hylke Speerstra: ‘It liet fan de treastfûgel’
Yntree:
€ 10,00


|